Epilepsy
Behanneling
Dit tiim fan psychiaters, artsen, gedrachssaakkundigen en neuropsychologen hat alles yn ’e hûs om fluch treffende diagnoazes te stellen en de bêste behannelplannen te meitsjen. Wy bouwe in netwurk fan saakkundigen om ús kliïnten hinne. Dat netwurk is 24 oeren deis berikber en siket hieltyd nei de bêste behanneling foar eltse kliïnt apart.
Epilepsy
Mei de juste medikaasje en goede begelieding kinne wy it libben fan jo bern of famyljelid mei epilepsy maksimaal ferbetterje. Fan it Soarchkantoar krije wy jierliks ekstra jild om de behanneling hieltyd fierder te ferbetterjen. Mei dat jild dogge wy ek ûndersyk nei de oarsaken en it ûntstean fan epilepsy.
Fluch hannelje
Ynsults by epilepsypasjinten kinne wy nea foarkomme, mar wy soargje dat oantal en yntinsiteit minder wurde. De soarchtiims, dy't it tichtst by de kliïnten stean, witte boppedat wat der bart en kinne fluch hannelje.
Beskermingsmiddels
Maeykehiem hat in grut tal middels en ynstruminten dy't it libben fan kliïnten mei epilepsy helpe te beskermjen. Mei kamera's, bewegingsmelders en mikrofoans kinne wy ûngewoan gedrach registrearje en fuortdaliks yngripe. Fansels sette wy dizze middels inkeld yn nau oerlis mei kliïnten en famyljeleden yn. Want beskerming mei gjin frijheidsbeheining wurde.