Terug naar de startpagina

Maeykehiem heeft een onafhankelijk vertrouwenspersoon waar cliënten en wettelijke vertegenwoordigers terechtkunnen.

Hawwe jo in klacht?

Goede soarch- en tsjinstferliening stiet by Maeykehiem op it foarste plak. Mar wy kinne nea hielendal foarkomme dat der saken barre dêr't jo minder tefreden mei binne. Rinne jo earne mei om en witte jo net sa goed hoe't jo je oppenearje kinne, dan kinne jo kontakt opnimme mei de fertrouwenspersoan. Syn doar stiet altyd iepen!

De fertrouwenspersoan is der foar kliïnten, âlden/wetlike fertsjintwurdigers en meiwurkers dy't út namme fan in kliïnt in klacht yntsjinje. Hy kin jo bystean by bemiddelingspetearen, ynformearje oer de mooglikheden om in klacht yn te tsjinjen en jo stypje by in klachte- en/of beswierproseduere.

Fertrouwenspersoan
De fertrouwenspersoan fan Maeykehiem is Marieke Hallegraeff. Jo kinne maile: hallegraeff@zorgbelang-fryslan.nl of belje: 06-39863590 | 085-4832433.

As der nei tuskenkomst fan de fertrouwenspersoan foar jo noch gjin goede oplossing leit, kinne jo de klachtefunksjonaris ynskeakelje. De klachtefunksjonaris hat in bemiddeljende rol en siket nei in oplossing dêr't sawol de kliïnt as de organisaasje tefreden mei is.

klachtefunksjonaris
De klachtefunksjonaris fan Maeykehiem is Dineke Kronemeijer. Jo kinne maile: Kronemeijer@zorgbelang-fryslan.nl of belje: 06-514 60 895 | 085-4832433.