Terug naar de startpagina

Jelmer van Loon van het cliëntenplatform: "Ik heb verantwoordelijkheid, dat vind ik heel mooi."

Meisizzenskip

Maeykehiem fynt it logysk dat kliïnten safolle mooglik bepale hoe't sy libje wolle. Kliïnten, âlden en famyljeleden hawwe dêrom in wichtige stim yn hoe't wy soarch en tsjinstferliening jouwe. Der binne trije meisizzenskipsorganen.

Kliïnteplatfoarm
Om't ús kliïnten as gjin oar witte wat goed foar harren is prate se by Maeykehiem mei oer wichtige saken. Bygelyks oer snelheidsbeheinende maatregels yn ’e omkriten fan de wenlokaasjes of de mooglikheid om faker sels iten te sieden.

It kliïnteplatfoarm bestiet út fiif leden dy't foar de belangen fan alle kliïnten opkomme. Alle bewenners fan Maeykehiem kinne ûnderwerpen oandrage en sa meiprate oer har feiligens, de húsregels en de wize wêrop't se bejegene wurde. As it kliïnteplatfoarm saken sinjalearret dy't ferbettere wurde kinne, lizze se in foarstel del by de manager dy't deroer giet.

Kontakt
De leden fan it platfoarm wurde begelaat troch Auke van der Veen. Hawwe jo as âlder of famyljelid saken dy't jo graach by it kliïnteplatfoarm yn it omtinken bringe wolle, dan kinne jo kontakt opnimme fia: clientenplatform@Maeykehiem.nl.

 

Kliïnterie
As âlder en famyljelid kinne jo fansels ek meiprate fia de kliïnterie of ús kliïnteferiening It Roefke. De kliïnterie behertiget de mienskiplike belangen fan kliïnten en is petearpartner fan de bestjoerder. Hja jouwe frege en net frege advys oer alle saken dy't mei soarch en tsjinstferliening te krijen hawwe. De kliïnterie lit him dêr yn liede troch de Wet Meisizzenskip Kliïnten Soarchynstellings (WMCZ).


Kliïnteferiening It Roefke
De leden fan de kliïnterie foarmje it bestjoer fan kliïnteferiening It Roefke. Dizze famyljeferiening bestiet sûnt 1993 en is yn it libben roppen om it kontakt tusken âlden/famyljeleden en Maeykehiem te befoarderjen. It Roefke behertiget ek de belangen fan yndividuele kliïnten.

De kliïnterie en kliïnteferiening witte it paad by lanlike organisaasjes foar kliïntebelangen en biede bemiddeling en stipe oan âlden en famyljeleden, bygelyks by problemen mei in WMO-oanfraach.

Wolle jo mear ynformaasje oer:
- De kliïnterie of de kliïnteferiening
- Omtinken freegje foar in kwestje
- Lid wurde
- Of yn kontakt komme mei lanlike organisaasjes foar kliïntesaken.
Nim dan fia it formulier kontakt op mei de hear P. Hoekstra of belje: 0513-677031.