Terug naar de startpagina

Deskundigheid en motivatie staan bij Maeykehiem hoog in het vaandel.

Leare yn de praktyk

Maeykehiem nimt it oplieden fan (takomstige) meiwurkers tige serieus. Deskundigens en motivaasje stiet heech yn it findel. Studinten leare it fak yn de praktyk en meiwurkers kinne har hieltyd ûntwikkelje. Sa is en bliuwt de soarch oan ús kliïnten optimaal.

Maeykehiem is in erkend learbedriuw en oansletten by de Stichting Beroepsonderwijs Bedrijfsleven.

 

 

Underfiningsplakken
Maeykehiem hat alle jierren in grut tal plakken foar studinten op it mêd fan soarch, wolwêzen, sport en bewegen en by stipetsjinsten. Us stazjêrs komme meast fan de opliedings dêr't wy mei gearwurkje (Friesland College, Stenden Hogeschool en Noordelijke Hogeschool Leeuwarden). Mar studearresto earne oars en wolsto graach staazje rinne by Maeykehiem, stjoer dan dyn entûsjaste motivaasje nei: afdelinghr@maeykehiem.nl.  

Stazjêrs ûntfange in staazjefergoeding (reiskosten ynbegrepen) neffens de CAO Beheindesoarch.