Terug naar de startpagina

De Vrienden van Maeykehiem laat 'kleine' wensen van cliënten uitkomen.

Freonen fan Maeykehiem

Wolle jo wat ekstra's dwaan foar ús kliïnten? Dat kin! Maeykehiem hat twa organisaasjes dy't jild ynsammelje om winsken fan kliïnten wier te meitsjen dy't net út it soarchbudzjet betelle wurde kinne.

Freonen fan Maeykehiem sammelet jild yn om winsken fan kliïnten te realisearjen. Sa hawwe sy de langkoestere winsk fan kliïnten foar in elektryske duofyts en karaokeset útkomme litten. En de komst fan in bubbelbad yn de snoezelromte is no ek realiteit. Dêrnjonken jout Freonen fan Maeykehiem jild foar muzykoptredens, teaterfoarstellings en útstapkes.

Freonen fan Maeykehiem sammelet net inkeld jild yn, mar ynventarisearret ek hokker winsken der ûnder kliïnten libje. Oanfragen dy't sy stypje moatte gaadlik wêze foar grutte groepen kliïnten.

Donearje
Freonen fan Maeykehiem binne bliid mei jo bydrage. Grut, lyts, struktureel of foar ien kear. Jo donaasje wurdt tige wurdearre. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei: vriendenvan@maeykehiem.nl. As jo in moaie winsk hawwe foar ús kliïnten kinne jo ek op dat adres terjochte.