Terug naar de startpagina

Vrijwilliger Atte Hornstra: “Kleine moeite, groot plezier!"

Frijwilligers oan it wurd

Jannita van Enk: “It wurdt tige wurdearre.”
Jannita fan Enk is ien kear yn ’e moanne frijwilliger by de soasjûn. “Soms komt der in koar te sjongen, de oare kear dogge wy spultsjes of binne wy oan it nifeljen. Bingo mei plaatsjes is hiel populêr en oan it meitsjen fan foer-slingers foar de fûgels belibje wy ek altyd in protte plezier.”Tritiger Jannita is ien jûn yn ’e moanne aktyf by Maeykehiem. “Ik helje de kliïnten op, bring se nei it restaurant, jou se kofje en hâld se selskip. It stelt feitlik neat foar, mar se binne sá wiis mei my. Hja binne sa ûntwapenjend en hawwe safolle wille. Dêr wurd ik sels ek bliid fan. Soms haw ik nei in drokke dei minder puf om de doar út te gean. Ik besykje dan dochs te gean, want ik wit dat ik op de weromwei altyd mei in grutte glim op myn gesicht yn ’e auto stap.” Soe se oaren oanriede om frijwilliger te wurden by Maeykehiem? “Jawis. It wurdt sa wurdearre!”

Redmar Schoen: "wy hiene fuort in klik"
Tweintiger Redmar Schoen is al goed twa jier aktyf as frijwilliger by Maeykehiem. “Us mem wurket der. Ik socht frijwilligerswurk dat goed oansleat by myn stúdzje Sosjaal Pedagogyske Helpferliening. Us mem fertelde oer Patrick. Ik haw in ôfspraak makke en wy hiene fuort in klik.” Patrick en Redmar binne ûngefear like âld. “Wy hawwe echt kontakt meiïnoar. As ik by him kom sit Patrick altyd hiel blier yn syn stoel hinne en wer te skodzjen. Ik sykje him ien kear yn ’e moanne op, dan kompjûterje wy of wy kuierje bûten. Wy kinne net fier fuort want Patrick hat epilepsy, mar hy fynt it allegear geweldich. Ik krij in protte wurdearring werom.” Redmar is ien-op-ien-frijwilliger. Dêr haw ik net bewust foar keazen, mar dat is gewoan sa rûn. Ik bin bliid dat Patrick it sa moai fynt. Ik krij in protte wurdearring werom, fan de begelieders ek. Hja sizze faak: “Jim dogge it sa leuk tegearre.” Dat is moai om te hearren.”

Atte Hornstra
Atte Hornstra is al jierren frijwilliger by Maeykehiem. Op woansdeitemiddei kuieret er mei kliïnten en ien kear yn ’e moanne op freedtemiddei giet er te winkeljen. “Dat is echt geweldich! Mei sân frijwilligers en trettjin kliïnten ride wy nei De Jouwer of Emmeloard om ynkeapen te dwaan. Klean, sieraden, fersoargingsprodukten, neam mar op. Wy hawwe altyd sa'n protte wille meiïnoar.”

Lytse muoite, grut plezier.
Atte seach jierren lyn in oprop foar frijwilligers by Maeykehiem en reagearre fuortdaliks. “Dêr haw ik nea in momint spyt fan hân. Sjoch, foar my is it in lytse muoite. Mar foar de kliïnten is it hiel moai en belangryk. Hja jouwe my in soad wille werom. Wat ik ek moai fyn, is dat Maeykehiem goed foar de frijwilligers soarget. Ast siik bist of jierdei, krigest in kaartsje en doe't ik lêsten fyftjin jier aktyf wie as frijwilliger krige ik in bon om ris lekker mei myn frou út iten te gean. Dêr doch ik it net foar, mar ik wurdearje it wol.”