Wurd frijwilliger
Mei kliïnten winkelje, fytse, kuierje, sporte, folksdûnsje of hynsteride; de mooglikheden binne sûnder ein. Wolle jo kliïnten helpe mei nifeljen of muzyk meitsjen op de soasjûn ien kear yn ’e moanne, woene jo altyd al yn in kafee wurkje, binne jo kalm en wis efter it stjoer of fine jo it moai as in kliïnt ris op besite komt? Dan sykje wy jo!
Wat hawwe jo nedich om frijwilliger te wurden?
In protte nocht, in goed sin en in Ferklearring Oangeande Gedrach. Sa ienfâldich is it.
Omgean mei minsken mei in beheining kin bêst in bytsje spannend wêze. Dêrom sjogge wy tegearre mei jo wat it bêste by jo past en biede wy stipe as dat nedich is. Wolle jo leaver earst ris frijbliuwend by ús sjen, dan binne jo fan herte wolkom.
Wy jouwe ús frijwilligers in fergoeding foar makke reiskosten.
Frijwilliger wurde?
Nim dan kontakt op mei ús frijwilligerskoördinator Martine Zijlstra of besjoch hjir de aktuele fakatueres foar frijwilligers. Ut namme fan ús kliïnten alfêst betanke!